De Fryske Marren sil meartalich grutbringen befoarderje

05 feb 2016 - 14:06

De Fryske Marren begjint mei in projekt om it meartalich grutbringen fan bern te befoarderjen. Alden kinne hjiroer tips krije by de konsultaasjeburo's yn de gemeente. It projekt Overdracht Thuistaal is opset mei help fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang en de Afûk. 

Doel is safolle mooglik bern profitearje te litten fan de foardielen fan in meartalige opfieding. Op de konsultaasjeburo's yn De Fryske Marren is ekstra tiid beskikber foar advizen oan âlden hjiroer. Dy advizen stean ek yn in taalgroeiboekje dat de âlden meikrije. 

It projekt Overdracht Thuistaal duorret trije jier. Ienselde inisjatyf is earder al begûn yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)