De Fryske Marren praat oer wenplak Janny Schouwerwou

04 des 2015 - 15:55

De gemeenteried fan De Fryske Marren beslút letter dizze moanne oft wethâlder Janny Schouwerwou noch langer bûten de gemeente wenje mei. Schouwerwou wie al wethâlder doe't troch in weryndieling har wenplak Nijhoarne bûten gemeente De Fryske Marren bedarre. Ferline jier hat de gemeenteried har in ûntheffing fan in jier jûn foar de ferplichting om ek yn de gemeente te wenjen, dêr't se wethâlder is.

Njonken Schouwerwou wennet ek de nije boargemaster, Fred Veenstra noch bûten de gemeente.

Veenstra waard earder dizze moanne beneamd en wennet no noch yn syn âlde gemeente Frjentsjerteradiel. De ried moat beslute oer in ûntheffing fan in jier. Veenstra hat syn hûs al wol te keap stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)