De Fryske Marren kiest woansdei nije boargemaster

30 sep 2015 - 07:41
  • De Friese Meren

De gemeenteried fan De Fryske Marren makket woansdei bekend wa't de nije boargemaster fan de gemeente wurdt. Der hawwe tweintich minsken op de funksje sollisitearre, 18 manlju en 2 froulju. Nei petearen mei kommissaris fan de Kening John Jorritsma binne der twa kandidaten oerbleaun. De gemeenteried sil woansdei de nije boargemaster útkieze. Op it stuit is Arie Aalberts noch waarnimmend boargemaster. Doel is dat syn opfolger noch dit jier oan de slach giet. De beneaming moat noch wol goedkard wurde troch it ministearje en de Kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)