De Fryske Marren ferkeapet gemeentewerf

06 jul 2015 - 14:20

De gemeentewerf en it miljeuterrein fan de gemeente De Fryske Marren yn Balk wurdt ferkocht oan it bedriuw AVK Plastics. It bedriuw sit neist de gemeentewerf en wol yn de takomst op it hjoeddeistige plak útwreidzje. De gemeente hie al plannen om de werf oer in pear jier te sluten.

De Fryske Marren wol yn de takomst op twa plakken yn de gemeente gemeentewerven ha, ien op 'e Jouwer en ien yn de omkriten fan De Lemmer. Oant der in nije gemeentewerf is, bliuwt it terrein yn Balk yn gebrûk by de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)