De Fryske Marren ferfangt strjitlampen

13 sep 2015 - 12:13

Yn de gemeente De Fryske Marren wurde de kommende moannen sa'n 1600 strjitlampen duorsum makke. De gaslampen wurde ferfongen troch LED-ljochten, dy't folle suniger binne. De ljochtsterkte bliuwt wol gelyk.

Yn De Fryske Marren steane sa'n njoggen-en-in-heal-tûzen lampepeallen. Dy brûke foar meiïnoar 265-tûzen euro oan stroom yn it jier. Troch in part fan dy strjitlampen te foarsjen fan LED-ferljochting kin 40-tûzen euro besparre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)