De Friezen by steateferkiezings

22 des 2006 - 16:32

De nije politike beweging De Friezen docht definityf mei oan 'e steateferkeazings yn maart takom jier. It nije bestjoer fan de partij hat Doede Damsma beneamd ta kandidaat-listlûker.

De Friezen wol dat Fryslân los komt fan Den Haach en mear saken sels regelje mei. Wa't fierder op de list komme te stean, is noch net bekend. Ein jannewaris wol de beweging it partijprogram presintearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)