De Friesland stjoert nota oer preemje foarearst mei de post

15 des 2014 - 12:41
  • Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert

Soarchfersekerder De Friesland hat besletten om de rekken foar de preemje oer jannewaris net mear fia de mail te ferstjoeren, mar fia de post. Ien op de trije klanten fan De Friesland krijt alle nota's en oare berjochten per mail, mar it ôfrûne wykein gie dat mis. Sa'n 7.000 klanten fan De Friesland krigen by de mail in preemjerekken foar in oare fersekerde.

Neffens Steven Hofenk fan de ried fan bestjoer gie der wat mis by it keppeljen fan emailadressen oan rekkens. It fersekeringsbedriuw is noch oan it útsykjen wat der krekt misgien is.

De flater komt op in ûngelokkich momint foar De Friesland, want krekt yn desimber beslute de klanten fan soarchfersekerders mei hokker bedriuw se yn see gean yn it jier 2015. De Friesland hat dêrom hiel fluch op de earste klachten reagearre, troch alle klanten dy't in ferkearde nota krigen hawwe persoanlik oer de flater te ynformearjen. Minsken dy't in rekken foar in oar krige hawwe, kinne dy it bêste fuortsmite. Eltsenien krijt dizze moanne noch in goede nota oer de post.

Goed 160.000 klanten fan de 565.000 klanten fan De Friesland krije de rekkens en alle oare ynformaasje oer de mail.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)