De Friesland: reserves brûke

03 sep 2014 - 19:36
  • Gebou fan De Friesland yn Ljouwert

De Friesland Zorgverzekeraar sil har finansjele reserves oansprekke om de preemjes 'leech en stabyl' te hâlden. Dat sei Ingrid Wiechers fan De Friesland Zorgverzekeraar woansdei by de presintaasje fan de nije kampanje fan De Friesland. Foar de kampanje binne 45 Friezen fotografeare. Mei de kampanje besiket de soarchfersekerder nije minsken binnen te heljen. Dat kin oant 1 jannewaris.

De kommende moannen binne sadwaande tige wichtich foar de soarchfersekerder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)