De Friesland pakt fraude oan

26 feb 2014 - 11:46
  • Gebou fan De Friesland yn Ljouwert

Soarchfersekerder De Friesland heart by de top as it giet om fraude-oanpak. De Friesland is ien fan de trije fersekerders dy't de soarchnota's it bêste kontrolearje. Dit docht bliken út ûndersyk fan de Nederlandse Zorgautoriteit. Ek de regionale fersekerders DSW en Zorg en Zekerheid dogge it goed. Opfallend is dat de grutte lanlike organisaasjes in protte stekken falle litte. It ûndersyk fan de Zorgautoriteit wurdt al in tal jierren dien. Dit jier ha se foar it earst de yndividuele prestaasjes bekend makke.

It giet om in ûndersyk oer it jier 2012. Ek oer it jier 2013 liket it derop dat de soarchfersekerder goed skoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)