De Friesland keart 30 miljoen út

11 apr 2006 - 13:43

Soarchfersekerder De Friesland hat ein maart sawat 30 miljoen euro werombetelle oan no-claim. Hast 60 persint fan de sikefûnsfersekerden hat wat weromkrigen. Op syn meast kinne minsken 255 euro werom krije.

Neffens de Friesland is de útfiering sûnder problemen ferrûn, mar likegoed hat de fersekerder noch altyd muoite mei de regeling. Neffens de Friesland wurde fral groanysk siken bot troffen troch de no-claim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)