De Friesland ferwachtet tekoart

22 jun 2006 - 07:56

Soarchfersekerder De Friesland ferwachtet dit jier in tekoart fan 15 miljoen euro op it budzjet foar de thússoarch, de geastlike sûnenssoarch en de handikaptesoarch.

It tekoart ûntstiet trochdat de fraach nei dy foarmen fan soarch groeit. Dat is it gefolch fan ûnder oare de fergrizing, mar it komt ek trochdat minsken hieltyd earder út it sikehûs ûntslein wurde en dan mear ferlet fan thússoarch ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)