De Friesland bliid mei akkoart

06 jun 2014 - 12:43
  • Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert

De Friesland Zorgverzekeraar is tefreden mei de nije soarchregels. Soarchfersekerders binne yn 2016 net langer ferplichte om soarch te fergoedzjen fan soarchferlieners mei wa't se gjin kontrakt ha. Neffens direkteur Diana Monissen fan De Friesland Zorgverzekeraar kin dêrtroch mear oanstjoerd wurde op kwaliteit fan soarch.

Fersekerders kinne troch de nije regels better oanstjoere nei wat foar sikehuzen de klanten moatte. Neffens Monissen hoege klanten net benaud te wêzen dat der aanst minder soarchoanbod yn Fryslân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)