De Friesland ûntkent skuld

12 des 2011 - 11:03

It is ûnterjochte dat soarchfersekerder De Friesland de skuld krijt fan it sluten fan in part fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Dat seit de soarchfersekerder sels. It beslút om guon ôfdielings te sluten komt fan de direksje fan it sikehûs en net fan De Friesland.

Dochs wurdt yn en om Dokkum De Friesland as haadskuldige oanwiisd. Dat die sneon ek bliken by de grutte demonstraasje foar it folslein iepenhâlden fan it sikenhûs. Op it haadkantoar fan De Friesland yn Ljouwert is moandei op heech nivo oerlis oer de takomst fan De Sionsberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)