De Friese Meren stap tichterby

09 jan 2012 - 17:41
  • De Fryske Marren

De trije gemeenten dy't per 2014 de nije gemeente De Friese Meren foarmje, sille fan takom jier fierder yn in saneamde Gemeenschappelijke Regeling. Dat wolle de kolleezjes fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. De mienskiplike regeling moat der komme omdat minister Donner de oankundige fúzje in jier útsteld hat.

It is foar it earst dat yn Nederlân sa'n mienskiplike regeling komt. Dat hâldt yn dat alle amtlike en bestjoerlike taken byinoar brocht wurde. Op 23 jannewaris sille de trije gemeenterieden harren oer it plan útsprekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)