De Freitas nei Den Bosch

07 jun 2001 - 00:00

Fabian de Freitas makket takom seizoen de oerstap fan Cambuur nei Den Bosch. In wurdfierder fan de Brabânske club hat tongersdeitejûn befêstige dat der in mûnlinge ôfspraak makke is.

De Cambuurspiler moat noch wol in medyske keuring ûndergean. De Freitas kriget yn prinsipe in kontrakt foar twa jier. Trainer Kruys hie him graach foar Cambuur behâlde wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)