De FNP wol Fryslân yn Brussel bringe

11 nov 2015 - 15:17
  • In delegaasje fan KH2018 wie al earder yn Brussel

De FNP yn provinsjale steaten wol dat der yn 2017 in "Fryslân-dei" by it Europeesk parlemint yn Brussel organisearre wurdt. Op dy dei kin Fryslân de aktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 foar it ljocht bringe. It Fryske bedriuwslibben kin him op dy Fryslân-dei ek presintearje.

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP tinkt dat sa'n dei in súkses wurde kin. Hy basearret him op de ûnderfinings fan Noard-Brabân, dy't al fjouwer kear de saneamde 'Brabân-dei' yn Brussel hâlden hat. Dy dagen wiene súksesfol foar it bedriuwslibben.

It CDA en de VVD stypje it FNP-útstel. Deputearre Sander de Rouwe seit ta dat er mei de partijen sjen wol nei de komst fan sa'n Fryslân-dei yn Brussel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)