DE ferwachtet minder omset

27 feb 2013 - 10:44

DE Masterblenders 1753 hat de omsetferwachtings foar it kommende jier nei ûnder bysteld. Dat is bekendmakke by de presintaasje fan de healjiersifers fan de kofje- en teeprodusint. De legere ferwachtings komme foaral troch de oanhâldende priisdruk yn West-Europa. It kofjemerk Senseo hie yn de feestdageperioade lêst fan sterke konkurrinsje en ek is de lieding fan DE net tefreden oer de kwaliteit fan de kofje. DE Masterblenders 1753, mei in fabryk op ûndere De Jouwer, makke him foarich jier los fan it Amerikaanske Sara Lee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)