De Fennen wurdt útwreide

09 des 2003 - 00:00

Sportpark De Fennen yn Drachten wurdt útboud ta multyfunksjoneel sportsintrum. De besteande iisbaan krijt in dûbelfunksje: winters foar reedriders en simmers foar skeeleneurs. Om it kompleks hinne komt in 1250 meter lange hurdfytsbaan.

Drachtster sportferienings ha it plan betocht. Se betelje ek it grutste part fan de kosten. De ferbouwing begjint al gau. De útwreiding moat healwei takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)