De Falom hat lêst fan leven op Sintrale As

25 nov 2015 - 18:23

Doarpsbelang De Falom makket him soargen oer lûdsoerlêst fan de Sintrale As. Sûnt septimber is de dyk by De Falom iepen en omwenners fernimme dat der mear lûd is as earder. Benammen de dyk by it Ekodukt jout in soad oerlêst. De tsjillen fan frachtweinen meitsje mear leven om't de oergong fan de dyk nei de brêge net goed genôch is.

CDA-Fryslân hat woansdei fragen steld yn de Steaten oer de lûdsoerlêst. Deputearre Sietske Poepjes hat tasein dat der ûndersyk komme sil nei de lûdsoerlêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)