De Doodemanskisten opknapt

22 nov 2013 - 21:12

Dúnmar De Doodemanskisten op Skylge kin mei froast wer as iisbaan brûkt wurde. Dat seit boskwachter Remi Hougee. De Doodemanskisten is in mar dy't de ôfrune jierren te krijen hie mei efterstallich ûnderhâld. Ien fan de problemen wie dat der winterdeis in soad bledden yn it wetter leine, wêrtroch it net mear tichtfrieze koe.

De ôfrûne moannen hat de mar in grutte opknapbeurt krigen. Mei-inoar hat de hiele opknapbeurt fan de mar en it omlizzende natoergebiet goed 2 ton koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)