De Burd wurdt natuergebiet

13 okt 2011 - 14:14

It gebiet Swette-De Burd by Grou kin nei 15 jier natuer en rekreaasjegebiet wurde. De ruilferkaveling is klear. De ruilakte is tongersdei tekene.

It is de earste ruilferkaveling dy't ûnder de wet Inrichting Landelijk Gebied falt. Troch de nije wet koe de ruilferkaveling flugger útfierd wurde. Sa'n 475 bunder grûn is fan eigner wiksele, der wiene 89 eigners by belutsen. In part komt yn hannen fan it Fryske Gea. Foar toeristen komme der fytspaden, havens en oanlisplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)