De Brink Feankleaster weriepene

03 maaie 2002 - 00:00

Lânboumuseum De Brink yn Feankleaster krijt yn de takomst in oare opset. Freedtemiddei is it museum opnij iepene. Lange tiid stie de takomst faai om't de provinsje gjin subsydzje mear joech.

De eardere eigner koe syn betellingsferplichtings net mear neikomme en de unike kolleksje lânbou-ark drige ferlern te gean. It museum is no oernaam troch Dick en Marjanne van der Zaag.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)