De Bres bliuwt earst iepen

31 mrt 2009 - 16:32
  • Debatsintrum De Bres yn de Skoalstrjitte yn Ljouwert

Debatsintrum De Bres yn Ljouwert bliuwt de kommende twa moanne iepen. Earder drige direkteur Andries Veltman de doar op 1 april op slot te draaien. Neffens him krijt it sintrum net genôch finansjele stipe.

Fan de 150.000 euro dy´t jierliks nedich is, bringt it sintrum sels 50.000 euro op. De rest moat neffens Veltman fan de gemeente of oare partijen komme. Wethâlder Isabella_Diks hat tasein nei in oplossing te sykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)