De Braskoer wer iepen

09 des 2006 - 15:13

Diskoteek De Braskoer op Skylge is wer gewoan iepen foar publyk. De gemeente hie de disko sluten, omdat der yllegaal platen asbest fuorthelle wiene. Omdat dêr gjin fergunning foar wie, koe de gemeente net kontroleare oft it gebou asbestfrij wie.

Ut ûndersyk hat no bliken dien dat der gjin asbest yn de diskoteek is en dat de Braskoer wer iepen kin. Tsjin de eigner fan de disko is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)