De Boer wint Blomketerprin

25 apr 2010 - 12:26
  • Willem de Boer

Hurdrinner Willem de Boer fan Eksmoarre hat sneon de Blomketerprin yn Frjentsjer op syn namme skreun. Hy wûn de race oer tsien Ingelske mijlen yn 58 minúten en 58 tellen. Hans Versteeg fan Wolvegea waard twadde.

De Amsterdammer Klaas Jan Elzinga pakte it tredde plak. Yn in tiid fan 1.13,24 wie Jacintha Fancel fan Ljouwert de rapste by de froulju. Op de heale maraton wie de Snitser Gerrit Duits de sterkste mei in tiid fan 1.26,30

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)