De Boer: 'Tryst foar Loekie'

04 jun 2003 - 00:00

Boargemaster De Boer fan Ljouwert is net fleurich wurden fan it boek fan har foargonger Van Maaren. Se omskriuwt de ynhâld as 'treurich foar Loekie sels, mar ek foar de gemeente Ljouwert'.

De Boer lêst yn it boek dat Van Maaren slachtoffer wurden is fan in dramatysk konflikt fan karakters en ferwachtings. Ek hat Van Maaren de Fryske kultuer, dêr't men yn seit wêr't it op stiet, ûnderskat. Der is trouwens gjin massale belangstelling foar it boek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)