De Boer priizge om duorsumens

10 okt 2012 - 16:16
  • Gemeente Ljouwert

Meiwurker Bouwe de Boer fan de gemeente Ljouwert is woansdei yn it sintsje set . Hy hat by gemeenten it klimaatbelied mei op de kaart set. Hy krige in taart fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Ynnovaasje. Oanlieding wie de dei fan de duorsumheid. De Boer set him by syn wurkjouwer al jierren yn foar duorsumheid en it klimaat. Noch njoggen oare minsken út de rest fan it lân krigen ek sa'n taart. It giet om meiwurkers fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)