De Boer plysjesjef yn Drinte

07 mrt 2011 - 16:42
  • Kommissaris Dick de Boer

Plysjedirekteur Dick de Boer wurdt distriktssjef yn Súdwest Drinte. Hy folget Gerda Dijksman op dy't út har funksje set waard nei twa mispleatste berjochten op twitter. De Boer is sûnt 1983 plysjeman en sûnt inkele jierren direkteur fan it korps Fryslân.

Earder wie De Boer distriktssjef yn Drachten. De Boer wurdt earst detasjearre nei de plysje Súdwest Drinte yn ôfwachting fan de oprjochting fan de nasjonale plysje. Hy begjint sa gau as mooglik yn Drinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)