De Boer krijt Leeuwarder Leeuw

19 sep 2013 - 14:19
  • Margreeth de Boer nei de útrikking fan it Leeuwarder Leeuwtje

Margreeth de Boer út Drinte hat it 'Leeuwarder Leeuwtje' krigen. Se krige de ûnderskieding fan de gemeente Ljouwert tongersdeitemiddei op har ôfskiedfeestje fan Wetsus opspjeld troch boargemaster Ferd Crone. De Boer wie foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch.

Frou De Boer is ien fan de inisjatyfnimsters fan it ynstitút en hat dêrmei Ljouwert makke ta 'City of Watertechnology'. Fierder hat se as boargemaster fan Ljouwert in soad foar de stêd dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)