DE bliuwt sponsor SKS

09 jan 2002 - 00:00

It kofjefabryk Douwe Egberts sil it SKSskûtsjesilen de kommende trije jier sponsorje. Elk jier stipet de haadsponsor it hurdsilen mei 55.000 euro.

Earder wie DE ek al sponsor mar no is ôfpraat dat de logo's fan DE en SKS kombinearre wurde. DE woe mear reklame op it wetter ha, mar it SKS-bestjoer hat tasein dat der perfoarst gjin reklame op de skûtsjes sels komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)