De Bisteboat nei It Amelân

05 okt 2000 - 11:05

De oerfarder nei It Amelân wie op Dieredei eefkes 'De Bisteboat'. Op útnoeging fan 'e eilanner VVV fan koene hûnen fergees oerstekke. Sawat hûndert baaskes rûnom wei fûnen dat in goed idee.

VVV-direkteur Smit helle de bisten persoanlik fan 'e boat ôf. De toeristeorganisaasje hie in spesjaal arranzjemint op tou set. Foar de stront waarden lykwols wol skepkes útdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)