De bêste wurkjouwer fan Fryslân is Kijlstra Ambulancegroep

06 okt 2015 - 17:28

Kijlstra Ambulancegroep Fryslân is tiisdeitemiddei útroppen ta bêste wurkjouwer fan de provinsje. Dat docht bliken út 'It bêste wurkjouwersûndersyk' fan Effectory en Intermediair, dat dit jier foar de fyftjinde kear hâlden is. Op it twadde plak yn Fryslân einige soarchynstelling OlmenEs, tredde waard ROC Friese Poort.

Yn totaal hawwe hast 350 bedriuwen meidien oan de útferkiezing. De resultaten wurde basearre op beoardielings fan de meiwurkers sels. Kijlstra scoarde in 7,8, wylst it lanlik gemiddelde op in 6,9 leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)