De Bazuin 2e op NK Brassband

08 des 2002 - 00:00

De provinsjale brassband Grins ûnder lieding fan 'e Fryske dirigint Siemen Hoekstra waard sneon Nederlânsk Kampioen yn Grins mei 97 punten. De Bazuin fan Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude waard twadde mei 95 punten, de Wâldsang fan Bûtenpost waard tredde mei 94 punten.

Yn 'e twadde divyzje wûn Brassband De Lofklank fan Oerterp, Excelsior fan Ferwert waard twadde en de Opsterlânske Spikerpakkenband tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)