De Achtste Dei yn Allingawier

29 des 2007 - 09:06

De Aldfaerserfrûte wurdt nij libben ynblaasd mei muzyk en byld. Yn 'e tsjerke fan Allingawier sil in klank- en byldprestaasje te sjen wêze. De tekst is skreaun troch Klaas Jansma en de muzyk is komponearre troch Carl Wittrok.

Yn it stik De Achtste Dei stiet it Fryske lânskip sintraal. De kompoysje is útfierd troch in fanfare út Eanjum. Klaas Jansma sprekt de klank- en byldpresintaasje yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)