De 2 Gemeenten yn Jirnsum moat in moanne ticht fan gemeente

03 des 2015 - 11:16

Partysintrum De 2 Gemeenten yn Jirnsum moat foar in moanne ticht. Dat hat boargemaster Crone fan Ljouwert bepaald. 

Reden is in grutte fjochtpartij yn de nacht fan 21 op 22 novimber foar de doar fan de hoarekasaak. In groep stappers kearde him doe tsjin de plysje. It restaurant en kafetaria bliuwe iepen en ek de krystmerk en krystfoarstelling meie trochgean. 

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert jout yn in reaksje oan, dat De 2 Gemeenten eins trije moanne ticht moatte soe, mar dat de gemeente hopet dat it partysintrum de saken yn in moanne tiid op oarder hat. As se de saken net op oarder hawwe, bliuwt De 2 Gemeenten langer ticht.

It giet benammen om de feilichheid yn en om it gebou: Der soene faak tefolle minsken yn it gebou oanwêzich wêze en de portiers soene net sertifisearre wêze.

Eigener Frans Kingma fan De 2 Gemeenten wol earst net reageare. Hy wachtet op de offisjele bekendmakking fan de gemeente. Hy hat in petear oanfrege oer de kwestje mei de boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)