DDB driget mei suvelstaking

13 jul 2009 - 11:33
  • Sieta van Keimpema (DDB)

De European Milk Board driget mei in melkstaking as der net gau in oplossing komt foar de lege molkpriis. De aksjes dy't de lêste moannen holden binne foar in hegere molkpriis hawwe neat opsmiten. As der neat feroaret, dan gean meikoarten de earste boeren fallyt. Dat seit Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairymen Board.

De DDB hâldt yn septimber byienkomsten om te peilen oft de boeren meidwaan wolle oan in staking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)