DDB-boeren sette aksjes stop

05 jun 2008 - 11:20

De Dutch_Dairymen_Board, de DDB, hâldt foarearst op mei aksjes foar in hegere molkpriis. Sûnt in wike leverje de boeren dy't by de aksjegroep oansletten binne, gjin molke mear oan de suvelbedriuwen.

Yn de nacht fan tongersdei op freed rint dy aksje ôf en litte se de molke wer ophelje. Reden om de aksjes foarearst stop te setten is dat der yn Dútslân op it stuit praat wurdt oer it ferheegjen fan de molkpriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)