DDB-boeren litte molke rinne

21 sep 2009 - 11:59
  • Boer Reinsma fan Skraard ried moandei mei in jarretank fol molke nei Winterswyk

It is derop of derûnder foar de boeren dy't aksjefiere foar in hegere molkpriis. In groep Fryske boeren sil moandei wer de molke rinne litte om Den Haach witte te litten dat de molkpriis no echt te leech is.

Se soene earst nei Dútslân ta, mar omdat de greide dêr al hielendal fol leit mei molke, litte de Fryske boeren de molke rinne yn Winterswyk. Tiisdei sille de boeren op 'e nij aksje fiere. Dan geane se nei it Twadde Keamergebou yn Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)