D&D langer yn de bioskoop

16 nov 2005 - 07:47

De spylfilmferzje fan de televyzjerige Dankert & Dankert draait noch wat langer yn de bioskoop. De film 'Dankert & Dankert en de Swarte Ingel' soe earst oant en mei woansdei draaie, mar dat is no mei in wike ferlingd.

Oant en mei 22 novimber draait de film mei Peter Tuinman yn 'e haadrol yn bioskoop Tivoli yn Ljouwert. De film, dy't yn it Nederlânsk ûndertitele is, gie ôfrûne wykein yn premjêre op it Noardlik Filmfestival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)