Davis wint beker 1000 meter

14 mrt 2010 - 15:59
  • Shani Davis

Shani Davis hat snein by de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean de 1000 meter wûn. De Amerikaanske reedrider klokte in tiid fan 1.08.89. Davis wie al wis fan de einoerwinning yn it wrâldbekerklassemint. Stefan Groothuis einige yn 1.09.07 as twadde foar Mark Tuitert 1.09.13. Simon Kuipers waard fjirde yn 1.09.32.

Tuitert einige troch dit resultaat as twadde yn it einklassemint. Groothuis waard tredde en Kuipers fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)