Dave Hyrsky hâldt op

20 jan 2005 - 16:14

Iishockeykoach Dave Hyrsky fan de Vadeko Flyers hâldt der direkt mei op. Hyrsky liet ôfrûne wike, nei it ferlies fan syn team yn de heale finale fan de bekerkompetysje, al witte dat hy der net folle nocht mear oan hie. Neffens him is de klub der ûnder syn lieding net yn slagge belangrike wedstriden te winnen.

In oare reden is it transfersysteem yn Nederlân. Dat systeem fynt Hyrsky healwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)