Databunker foar Ljouwert

11 sep 2007 - 22:13

Bedriuwen yn Fryslân kinne tenei data en kompjûtersystemen opslaan yn in bunker op in yndustryterrein by Ljouwert.

De kompjûtergegevens en servers binne dan better beskerme tsjin brân of oare rampen lykas stroomútfal. It bedriuw 'Datacenter Fryslân' festiget him yn Ljouwert. It is it earste bedriuw yn Fryslân dat gegevens opslacht foar ynstellingen lykas sikehûzen, skoallen en oerheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)