Database oer Fryske plakken

28 jan 2010 - 17:11

Ynkoarten komt der in nije Fryske database op ynternet. Yn dy database sil ynformaasje te finen wêze oer alle Fryske doarpen en plakken. Dat is de ynset fan de nije gearwurking tusken Friesland Wonderland en de Afûk.

Friesland Wonderland is in bedriuw dat him dwaande hâldt mei it bondeljen fan kultuerhistoaryske ynformaasje. It is de bedoeling dat benammen toeristen makliker fia ynternet ynformaasje en foto's opsykje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)