Daryl Janmaat nei Feyenoord

01 feb 2012 - 12:12

Daryl Janmaat spilet takom seizoen foar Feyenoord. De transferfrije ferdediger fan Sportklup Hearrenfean tekenet in kontrakt foar trije jier yn Rotterdam. Janmaat hat er dan fjouwer seizoenen by de Feansters opsitten. Earder hie er al oanjûn dat er ta wie oan in nije útdaging. De 22-jierrige rjochtsback fuotballe yn de jeugd ek al foar Feyenoord. Dêrnei begûn syn beropskarriêre by ADO Den Haach.

Youssef El Akchaoui spilet de rest fan it seizoen op hierbasis foar NAC Breda. Tredde keeper René Oosterhof wurdt ferhierd oan AGOVV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)