Darter Rick Hofstra út Snits mist WK troch rêchklachten

09 okt 2015 - 13:40
  • Rick Hofstra

Darter Rick Hofstra fan Snits docht net mei oan it offisjele wrâldkampioenskip darten ein oktober yn Turkije. De 38-jierrige Hofstra waard yn july selektearre foar de WK-seleksje fan it Nederlânske Dartbûn, mar kin troch rêchklachten net yn aksje komme. Hy wurdt ferfongen troch Jeffrey Sparidaans, dy't it manljuteam wer op fjouwer spilers bringt.

Danny Noppert fan De Jouwer makket ein oktober wol de reis nei Turkije. It wie foar it earst dat der twa Fryske darters selektearre wiene foar in wrâldkampioenskip. Dat giet no dus net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)