Darter Noppert nei poadiumfaze Winmau World Masters

08 okt 2015 - 18:42

De Jouster darter Danny Noppert hat tongersdei de poadiumfaze berikt fan de Winmau World Masters. Yn it Ingelske Hull wûn Noppert fjouwer wedstriden yn de kwalifikaasje, werûnder yn de earste omloop mei 3-0 yn sets fan de wrâldtopper Tony O'Shea.

Troch syn oerwinningen komt de Jouster sneon út by de lêste 32 fan it telefyzjetoernoai. Dêr spilet er tsjin ien fan de 16 pleatste spilers, Gary Robson.

De Winmau World Masters is ien fan de wichtichste toernoaien yn it ynternasjonale dartsirkwy. De poadiumfaze wurdt útstjoerd troch Eurosport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)