Darter Danny Noppert giet nei Winmau World Masters yn Londen

27 mrt 2016 - 21:14

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat snein in ticket wûn foar it Winmau World Master kampioenskip yn Londen, ein novimber. Hy die dit troch syn winst op it manljustoernoai fan de BDO Masters of Waregem yn België. Yn de finale wie hy mei 3-1 yn sets te sterk foar de Belg Geert de Vos.

De Winmau World Masters is ien fan de langstrinnende en foaroansteande darttoernoaien yn de wrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)