Darter Andy Fordham yn Warns

21 jan 2004 - 00:00

Warns hie tiisdei besite fan de Ingelske darter Andy Fordham. De nagelnije dartkampioen die yn Warns mei oan in demonstraasjewedstriid, mar wol op betingst dat it bier fergees wêze soe. Hy drinkt deis sa'n 35 glêzen.

Foar 300 dartgekke Friezen wie it dé kâns om Fordham mei syn 200 kilo sels te bewûnderjen. Acht leden fan de pleatslike dartklup Bullshit mochten dizze jûn yn kafee The Viking in leg tsjin de wrâldkampioen goaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)