Dantumadiel yn gelyk steld

15 mrt 2006 - 14:29

De gemeente Dantumadiel hat goed hannele yn de saak tsjin in detailhannel op it bedriuweterrein fan Feanwâlden. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert bepaald.

Op it bedriuweterrein sit in gruthannel yn boartersguod. Neffens de gemeente ferkeapet it bedriuw fanút dat gebou op grutte skaal boartersguod oan partikulieren. En dat is tsjin de regels. De gemeente hat it bedriuw twongen om op te hâlden mei de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)