Dantumadiel: wol Fryske nammen

03 okt 2007 - 12:53
  • De doarpen yn Dantumadiel krije Fryske plaknammen

De doarpen yn Dantumadiel krije nei in finansjeel tafaller dochs Fryske plaknammen. De ôfrûne simmer like it der noch op dat der net genôch jild wie foar dit foarnimmen, mar no't Dantumadiel ekstra jild krijt fan it ryk wurde de Fryske nammen dochs ynfierd yn it jier 2008. De kosten wurde rûsd op tsientûzenen euro's.

Dantumadiel sil no yn petear mei de ANWB en de KPN oar it trochfieren fan de Fryske plaknammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)